Hans Kirk

Hans Kirk
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans Rudolf Kirk
nasjonaliteit Deensk
berne 11 jannewaris 1898
berteplak Hadsund (Denemark)
stoarn 16 juny 1962
stjerplak Kopenhagen (Denemark)
etnisiteit Deensk
reg. identiteit Jutsk
wurk
taal Deensk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
kollektive romans, essay's,
non-fiksje
perioade midden 20e iuw
bekendste
  wurk(en)
Fiskerne
Daglejerne
De Ny Tider
jierren aktyf 19281961
offisjele webside
n.f.t.

Hans Kirk (folút: Hans Rudolf Kirk; Hadsund, 11 jannewaris 1898Kopenhagen, 16 juny 1962), wie in Deensk skriuwer, essayist, sjoernalist en kommunist, waans oeuvre acht romans, in novelle, koarte ferhalen, autobiografyske fertellings, essay's en radioharkspullen omfettet. Hy is it meast ferneamd wurden troch syn roman Fiskerne (De Fiskers), út 1928, dat it bêst ferkeapjende literêre boek aller tiden yn 'e Deenske taal is. Oare bekende wurken fan sines binne Daglejerne ("De Deihierarbeiders") en De Ny Tider ("De Nije Tiden"). Njonken syn karriêre as skriuwer wied er djip behelle yn 'e Deenske Kommunistyske Partij, as gefolch wêrfan't er yn 'e Twadde Wrâldoarloch, ûnder de Dútske besetting fan Denemark, oppakt waard en ferskate jierren finzen siet.


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search